Jorrit Bergsma docht mei oan massastart op WK yn Súd-Koreä

Jorrit Bergsma (argyffoto) © awfoto.nl
Reedrider Jorrit Bergsma is selektearre foar it ûnderdiel massastart op it WK ôfstannen yn it Súd-Koreaanske Gangneung. Ek Gary Hekman mei meidwaan op de massastart. By de froulju binne Carien Kleibeuker en Irene Schouten oproppen.
De efterfolgingsploech foar it WK wurdt nije wike bekend makke, nei it NK allround.