Wurkstraf fan 100 oeren foar hâlden fan himpkwekerij

Himp © Omrop Fryslân
In 50-jierrige ynwenster fan Harns hat in wurkstraf krige fan hûndert oeren. Se hie in himpkwekerij doe't se noch oan de Seedyk yn Tsjummearum wenne. De kwekerij waard yn 2015 oprôle nei in anonime tip. Yn de wenning trof de plysje 124 himpplanten oan en 73 gram losse himp. De stroom waard yllegaal ôftape.
De frou moat it jild dat se ferstjinne mei de kweek werombetelje. It giet om in bedrach fan mear as 20.000 euro. De rjochter giet derfan út dat de frou trije rispingen hân hat, wêrfan ien mislearre.