Darter Noppert wurdt tongersdei huldige op 'e Jouwer

16 jan 2017 - 16:19

Darter Danny Noppert wurdt tongersdeitejûn huldige foar syn prestaasje op it Lakeside-wrâldkampioenskip darten yn it Ingelske Frimley Green. De huldiging fynt plak yn bowlingsintrum 't Haske op De Jouwer, it wenplak fan Noppert.

Noppert ferlear snein de finale fan Ingelsman Glen Durrant mei 7-3. It wie foar de 26-jierrige Jouster syn debút op it wrâldkampioenskip. Hy is de earste Fries ea dy't de finale helle hat.

Trefwurden: 
Danny Noppert Lakeside darten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)