Tûzenen hantekeningen foar Ljouwerter skieppehoeder

Al in pear tûzen minsken hawwe in ynternet-petysje tekene foar de Ljouwerter skieppehoeder Sam Westra. De ûndertekenaars fine dat Westra mei syn 210 skiep yn Ljouwert bliuwe moat. Westra krige begjin jannewaris fan de gemeente te hearren dat syn wurk oernaam wurdt troch in skieppehoeder út Tsjalbert.
Ien fan de redenen wêrom't Westra it wurk net krigen hat, is dat er net aktyf is op de sosjale media. Hy hat beswier oantekene tsjin it beslút fan de gemeente.
De gemeente Ljouwert lit witte de petysje foar skieppehoeder Sam Westra 'in moai inisjatyf' te finen. "Dit seit wat oer it goeie wurk dat hy de ôfrûne jierren ferjochte hat. De gemeente wurdearret dat. De oanbestegingsproseduere, foar de nije termyn fan fjouwer jier is soarchfâldich folge, mei like kânsen foar alle ynskriuwers. Westra hat beswier tsjin de gunning makke. De kommende dagen wurdt beoardiele oft dit beswier terjochte is."