Kantoar Talant Drachten ûntromme om gaslek

© Sicco Riedstra
Fanwegen in mooglik gaslek yn it kantoar fan Talant oan it Moleneind yn Drachten, binne moandeitemoarn ferskate strjitten ôfsletten. It gie om it Moleneind NZ en de Oude Nering. It gebou fan Talant waard ûntromme. De meiwurkers waarden opfongen yn in kantoar tsjinoer it bedriuw.
De strjitten waarden út foarsoarch troch de helptsjinsten ôfsletten. De brânwacht en nutsbedriuw Liander hawwe it gebou kontrolearre. De brânwacht hat gjin spesjale stoffen mjitten. De weinen dy't útrukt wiene, binne om goed alve oere wer werom gien nei de kazerne.
Ek de strjitten binne yntusken wer frijjûn.