Fjouwer boeten by ferkearskontrôle Ljouwert
De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan snein op moandei by in ferkearskontrôle fjouwer boeten útdield. De boeten waarden útskreaun foar in glêde bân, riden sûnder rydbewiis en te hege snelheid. In 27-jierrige Ljouwerter mocht fuortendaliks mei nei it buro om't hy noch 20 dagen de sel yn moast. Net ien fan de bestjoerders dy't kontrolearre waarden, hie tefolle drank op.