Blog: Holstein International yn Sweden

28 maaie 2012 - 19:18

As we oankomme op it hiem fan de famylje Bierma yn Hasslöv, stean Jan en Marian my al op te wachtsjen. Wat in prachtich plak, in klassyk Sweedsk hûs en in geweldich útsjoch. "Set de auto dêr mar del, allinnich de postboade moat der lâns kinne".
Jan is juster let thúskommen fan in grutte draverij yn Stockholm. En Marian hie justerjûn oant tsien oere wurke. Om de taal goed te learen hat se de oplieding ferpleechkunde dien.
Jan lit syn wurkkeamer mei foto's fan prachtige kij sjen. Doe't se 7 jier lyn nei Sweden emigrearden koe Jan syn wurk meinimme. Hy is haadredakteur fan it magazine Holstein International, in fakblêd foar fokkers oer de hiele wrâld.
Krekt noch wie er foar in reportage yn Sina. En geregeld moat er nei Amearika, Frankryk of Dútslân.
Romte is der genôch, mar ha se eins net in hiel drok libben."Internet en de telefoan makket alles in stik makliker". Ek al stiet it kantoor yn Stiens, Jan kin krekt like maklik fan Sweden út wurkje. Jan en Marian rinne alle dagen in ein yn de natuer. Net fier ôf ha se noch twa simmerhuzen. Geschikt foar de beide soannen dy't yn Fryslân wenje. Yn ien fan de huzen stiet noch de ynrjochting fan de eardere bewenners. We gean 40 jier werom yn de tiid. Mar sa lang hat de tiid hjir net stilstien...

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)