Kollum: ‘Miau’ yn plak fan ‘au’

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer foar ferskate Fryske media en wurket dêrneist by de NHL. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside http://www.nynketxt.nl
"Ferpleechhuzen krije der 100 miljoen by, belooft steatssekretaris Martin van Rijn. Mei dit jild kinne ekstra meiwurkers oannaam wurde. “Meer medewerkers met meer tijd betekent meer aandacht voor onze ouderen", sa seit Van Rijn. Einliks ris goed nijs as it om de soarch giet.
Want litte we earlik wêze: der mankearret net sa folle oan ús soarch, it is it tiidsgebrek dat meiwurkers opbrekt. Se ha simpelwei gjin tiid mear om goede soarch te bieden. En dat jildt net allinnich foar ferpleechhuzen. Ek yn de gewoane soarch liket it wol as wolle se ús as pasjint sa gau mooglik de doar wer útwurkje. Sterker noch, se wolle ús leaver net iens binnen ha.
Krekt foar de krystdagen fike in kollega it boppeste puntsje fan har tûme der ôf. Soks bart fansels altyd op in sneontejûn. Sa goed as se koe plakte se it topke wer wat fêst mei in sels yn elkoar knutsele drukferbân. Mar yn de rin fan de jûn begûn har tûme flink te tûkerjen en fertroude se de boel net. Dus toch mar belje mei de dokterswacht. De earste fraach dy't se krige, wie oft se al in paracetamoltsje hân hie. Sorry? Fansels hie se der al trije ynslokt, mar it holp neat. Oars belle se toch ek net?
Sis no sels: wat is dat foar in idioate fraach? As oft wy by elke skeet dy't ús dwers foar de kont sit al belje mei de dokterswacht. Dat dochst pas ast de boel echt net mear fertrouwst. Ja toch? Hoe dan ek, lang om let mocht de kollega mei it ôffike puntsje dan toch komme. Pas om alve oere, want it wie drok. De klok joech oan dat it noch gjin njoggen oere wie, dus se moast noch twa oerkes mei in klopjende tûme op de bank sitte. Net sa eamelje, wie de ûndertoan yn it telefoanpetear.
Hoe oars is dat mei in feedokter. Twadde krystdei ite wy tradysjegetrou mei de freonegroep. Ien fan de froulju is feedokter en hie ek dit jier wer oproptsjinst. Wy kamen krekt de húskeamer yn mei it krat fol lekker iten, doe’t har wurktelefoan gong. In keizersneed by in ko yn Sigerswâld. Sûnder ek mar te freegjen oft de ko al in paracetamoltsje hân hie, strûpte se de wurkklean oan. ‘Wolst ek mei?’, frege se. Jawis wol. Dus ik ek mei nei Sigerswâld.
Dêr oankaam stie de ko al oan it tou te wachtsjen op har ferlosser. ‘Tsja’, sei de boer. ‘It is wol wat, no helje ik jim fansels by it krystmiel wei.’ Se helle de skouders op. ‘It kin my neat skele, oft it no krysttid is of net. Meist my altyd wol wekker meitsje foar in keizersneed.’ Hoefolle dokters soene dat sizze? Hoefolle sjirurgen soene sûnder te eameljen by it krystmiel wei stappe om oan it wurk te gean? Ik tink dast se op ien hân telle kinst.
Wat dat betreft hawwe bisten it better troffen as it om soarch giet. Nim no dy ko. Dy kin kalm thús bliuwe op twadde krystdei, binnen in healoere stie der in dokter yn ‘e stâl en noch gjin oere letter wie de klus klearre.
Fergelykje dat no ris mei ast sels wat hast. Ik sis mar wat: in hernia. Earst moat der in ôfspraak makke wurde by de húsdokter. Dat kin eins noait dyselde dei noch, hielendal net mei de feestdagen. Dus rinst noch in dei langer mei in stikkene bealch om. Dan moat der in ôfspraak komme by it sikehûs. Dat kin pas nije wike op syn gaust. En mei in bytsje mazzel kinst noch dyselde moanne ûnder de scan.
Bist hielendal moai klear ast opereard wurde moast. Fansels, dat kin, mar net earder as maart. En ek net yn Drachten, Ljouwert of Snits, want dêr is in wachtlist. Gelokkich, goed nijs. Kinst wol te plak yn Arnhem, Utrecht of Eindhoven. Skriuw mar yn de aginda: tiisdei 21 maart om acht oere moarns yn Eindhoven. Oant dy tiid mar wat ekstra paracetamoltsjes slokke.
No ik wit it wol. Yn plak fan ‘au’ kinst tenei mar better ‘miau’ sizze. Dan bist hoe dan ek earder oan de beurt."