Marrit Leenstra meldt har ôf foar NK sprint yn Thialf

Marrit Leenstra © awfoto.nl
Marrit Leenstra docht kommend wykein net mei oan it NK sprint yn Thialf. De reedrydster fan Wikel wol har konsintrearje op it WK ôfstannen yn Súd-Koreä, dat yn febrewaris riden wurdt. Leenstra sil no in ekstra trainingsblok draaie yn Inzell.
De konsekwinsje fan har beslút is dat se har no net kwalifisearje kin foar it WK sprint yn Calgary. Neffens Leenstra is it WK ôfstannen it wichtichste, om't dat better past yn de tarieding op de Olympyske Spelen fan takom jier. It WK ôfstannen en de Olympyske Spelen wurde op deselde baan riden.