Trije ferwûnen troch frontale botsing by Reahel

Trije minsken binne moandeitemoarn betiid ferwûne rekke by in frontale botsing tusken Reahel en It Hearrenfean. It ûngelok waar feroarsake troch in autobestjoerster út Ychtenbrêge dy't nei alle gedachten op de ferkearde kant fan de dyk rekke is. Se botste dêr op de auto fan in man út Lippenhuzen. In passazjier fan de Lippenhúster rekke ek ferwûne, mar dy hoegde net nei it sikehûs.
De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok barre koe. Mooglik dat de dyk glêd wie troch de snie dy't dêr lei.