Ferkiezing Jurre 495 smyt stâl in soad sinten op

De útferkiezing fan it hynder Jurre 495 as algemien kampioen by de keuring fan it Frysk stamboekhynder fan dit wykein smyt de stâl fan it hynder in soad sinten op. Dat seit de eigener fan it hynder, Jelmer Chardon út Jorwert. Neffens de sjuery wiene der mear goede hynders, mar stuts Jurre der echt boppe-út.
Wa't de keuring, of eins alles wat mar te krijen hat mei de Fryske hynders, weromsjen wol, kin telâne op omropfryslan.nl/faderpaard.