Darter Danny Noppert ferliest finale Lakeside

© BDO Darts
Darter Danny Noppert fan De Jouwer is der sneintejûn net yn slagge it Lakeside fan dartbûn BDO te winnen. Yn de finale wie Glen Durrant te sterk foar de 26-jierrige Noppert. It waard 7-3 foar Durrant. Noppert smiet in sterke partij, mar miste in oantal krúsjale dûbels. En dêr profitearre Durrant optimaal fan.
De earste seis sets giene gelyk op, hoewol't beiden elkoar in tal kear brutsen. Noppert miste op in efterstân fan 4-3 in dûbel-12 om wer lyk te kommen. Dêrnei wie it oer. Durrant wûn de lêste trije sets en dêrmei waard it 7-3.
Noppert wie de earste Fryske finalist ea op it Lakeside kampioenskip.