Blog: In Biltse yn Bastad

28 maaie 2012 - 18:24

Fan 'e moarn set ik Sippy earst ôf by de famylje Bierma. Sels ha ik ôfpraat mei Nynke Post. Nynke is 34 jier en mem fan twa jongen: Hidde fan 6 en Sytse fan hast 4 jier. Se komt fan Aldebiltsyl.

Yn it Biltsk fertelt se my dat se nei de Seefeartskoalle op Skylge, fia har wurk yn Italië bedarre. Dêr krige se in relaasje mei in Sweed. Doe't se swanger rekke ferhuzen se nei Sweden, nei it toeristyske plakje Bastad. Bekend fan de Swedish Open, de wrâldtoppers fan it tennis binne hjir alle simmers in wike te finen.

Oardel jier lyn rûn har relaasje stikken. Nynke wennet no mei har soantsjes yn in lyts appartemint oan de râne fan Bastad, tichtby see en it simmerhúske fan Agnetha Fältskog, dy blonde fan ABBA. Se keapet fruit en griente yn foar ICA, in dochterûndernimming fan Ahold. Dizze baan hat se mei krigen omdat se Nederlânse is. Yn 'e simmer hat Sweden genôch griente en fruit. Bûten it seizoen helje se in soad út Nederlân. Boppedat komt it measte fruit út Afrika en Súd-Amearika ek fia Nederlân nei Sweden.

Nynke wrakselet mei in grut dilemma: werom nei Fryslân of net. In dilemma dat ik goed begryp: de soarch fan de bern leit hielendal op har skouders, dat is swier. Steun fan famylje kin je dan goed brûke, mar dy wennet yn Fryslân. Mar kin je it de bern oandwaan om safier by harren heit wei te wenjen?

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)