VV Hearrenfean wint ferrassend fan Woezik

Yn de haadklasse hat VV Hearrenfean sneintemiddei thús tsjin de nûmer twa Woezik ferrassend in oerwinning pakt. Nei 90 minuten fuotbal stie der 3-1 op it skoareboerd foar de Feansters.
Nei njoggen minuten makke Jordy Veenstra al de 1-0 foar de Feansters en efkes letter brocht Niels den Haan de stân op 2-0 mei in fraaie kopbal. Yn de twadde helte wie it yn de 78e minút wer Jordy Veenstra dy't de wedstriid besliste mei de 3-1. Troch de oerwinning stiet Hearrenfean no op it alfde plak yn de haadklasse.
Hearrenfean - Woezik wie mar ien fan de twa wedstriden dy't sneintemiddei spile waard yn de haadklasse, de rest gie net troch. Dat barde ek by De Bataven tsjin Snits Wyt Swart.