Christa Oosterbaan bliuwt 20e op kandidatelist PvdA

© PVDA.nl
Christa Oosterbaan fan Skylge bliuwt 20e op de kandidatelist fan de PvdA by de kommende Twadde Keamerferkiezings. Dat is de útkomst fan de stimming op it kongres fan de PvdA, sneintemiddei yn Utrecht. It riedslid fan Skylge stie ek al op dit plak op de konsept-kandidatelist fan de partij, mar op it kongres besochten oare leden dat noch te wizigjen.
Uteinlik moast der in stimming komme om it 20e plak tusken Christa Oosterbaan en Amma Asante dy't sûnt septimber ferline jier Twadde Keamerlid is. Oosterbaan wûn dy stimming mei goed 76 prosint.
Sa bleau de top 20 itselde as de konseptlist.