"Ik hie Ødegaard leaver earder it fjild op hân"

Trainer Jurgen Streppel fan SC Hearrenfean hie de nije oanwinst Martin Ødegaard leaver earder it fjild ynstjoere wold. Dat seit er nei ôfrin fan de wedstiid tsjin ADO Den Haach, dy't de Feansters mei 2-0 wûn ha. De fans woenen Ødegaard graach sjen, en Streppel gunde se dat. As it 3-0 west hie, hie er him noch earder brocht, seit Streppel. No kaam Ødegaard pas yn de lêste minuten fan de wedstriid it fjild op.
Ødegaard hat ien kear kontakt mei de bal makke. "Er zullen wel meer volgen denk ik," seit Streppel. "We gaan nog veel van hem zien." Der wie in protte belangstelling fanút Noarwegen foar it debút fan Ødegaard. It waard dêr live útstjoerd. "We willen hem een beetje uit de wind houden, maar dat is volgens mij wat moeilijk in Noorwegen. De helft van Noorwegen zit nu hier."
Martin Ødegaard jildt as grut talint. Hy debutearre foar it Noarsk alvetal as jongste spiler ea yn in EK-kwalifikaasjewedstriid. Doe wie er noch mar 15 jier. Hy stiet ûnder kontrakt by Real Madrid, en spilet op hierbasis foar SC Hearrenfean. Hy is 18 jier âld.