FIDEO: Koarte útslaande brân yn Snits

Der hat sneontejûn in koarte útslaande brân west yn in wenhûs yn Snits. De brân bruts troch noch ûnbekende oarsaak út yn de berging fan de wenning. Meardere ienheden fan de brânwacht rieden út foar de brân, om't der tocht waard dat der noch minsken oanwêzich wiene yn it hûs. It die lykwols bliken dat de bewenners al bûten wiene. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle.