Boargemaster It Amelân helpt by blussen brân

It Amelân © Omrop Fryslân
Boargemaster Albert de Hoop fan de gemeente It Amelân hat sneontemiddei holpen by it bestriden fan in brantsje. By syn buorman oan de Duinweg yn Nes stie yn de garaazje in gersmeanmasine yn 'e brân. De boargemaster hat tegearre mei syn buorman de sitmeaner út de garaazje lutsen. Sa waard foarkaam dat it fjoer him fierder útwreidzje koe.
De brânwacht hat it fjoer úteinlik útmakke.