Jurre 495 is de nije kampioen stamboekhynsten

14 jan 2017 - 17:50

It hynder Jurre 495 is sneon algemien kampioen wurden by de hynstekeuring fan it Frysk Hynstestamboek yn it Ljouwerter WTC-Expo. Dêrmei is de hynst de opfolger fan Tsjalle 454, it hynder dat ferline jier de 'kampioen stamboekhynst' waard by de jierlikse hynstekeuring fan De Koninklijke Vereniging 'Het Friesch Paarden-Stamboek'.

Jelmer Chardon fan Jorwert is eigener fan Jurre 495.

Tsjalle 454, de winner fan foarich jier, helle de finale net.

Alde en jonge hynsten

De hynst Mewes 438 fan fokker Hindrik Eppinga is kampioen wurden by de âlde hynsten. Alwin 469 fan stoeterij Bommelsteijn út Lunteren waard reservekampioen. Jurre 495 wûn by de jonge hynsten. Nane 492 is de reserverkampioen wurden by de jonge hynsten. Jurre 495 waard úteinlik dus ek algemien kampioen.

Hynder fan it Jier

Eise 489 fan fokkers Anita en Jelmer Chardon út Jorwert is yn it WTC Expo útroppen ta Hynder fan it Jier by de hynstekeuring fan it Keninklik Frysk Hynste Stamboek.

Fokker fan it Jier

Pieter Okkema út Wytmarsum is útroppen ta Fokker fan it Jier. By de hynstekeuring waard Pieter Okkema priizge foar de fôlen en merjes, dy't er fokt hat, mar ek foar it leverjen fan hynsten.

Trefwurden: 
hynstekeuring Ljouwert WTC
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)