ONS spilet gelyk ûnder winterske omstannichheden

ONS is de earste wedstriid nei de winterstop thús op it Sudersportpark tsjin Quick Boys begûn mei in gelykspul. Under winterske omstannichheden, mei sniebuien, bleau it 0-0. ONS en Quick Boys wiene yn de earste helte aardich oanelkoar weage. ONS krige wol wat kânsen, mar wist dizze net te fersulverjen.
Danny Kampstra en Youri Ramos krigen nei it skoft wol de grutste kânsen. In dikke hagel- en sniebui makke de lêste spylminuten tige dreech. De 0-0 einstân is in moai punt foar ONS, mar der hie mear yn sitten.