Kollum: "Wild west by Thialf"

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels . Ferdinand is te folgjen op https://twitter.com/ferdinanddejong
"In pear wiken lyn, flak foar de krystdagen, hie ik it op dit plak oer de oanslach yn Berlyn. It liket al wer sa lang lyn, de wrâld draait gewoan troch. Ik helle yn dy kollum de mooglikheid oan dat der yn Fryslân ek wolris wat barre koe, bygelyks by it fuotbaljen of by de iepening fan KH 2018. Ofrûne sneon rûn ik oan it begjin fan de jûn oer it parkearplak fan iisstadion Thialf. Njonken it reedriden wie der dy jûns ek noch in iishockeyswedstriid dêr’t rom 2500 taskôgers op ôf kamen. Mei in lyts team soargje wy der foar dat jim dy wedstriid thús ek sjen kinne, troch in livestream op Youtube en Facebook. Ik mei tegearre mei kollega Tjitske Wiebenga dêr in programma omhinne presintearje, dêrom wie ik op dy tiid op dat plak oanwêzich. Doe’t ik nei de hal rûn, skrok ik fan in toeterjende auto. It bliek Omrop Fryslân ferslachjouwer Roelof de Vries te wêzen, dy’t by it langebaanriden west hie. Wy stienen even te praten, net wittende dat der op datselde parkearterrein immen mei in pistoal omrûn. Immen dy’t blykber sa lilk wie dat er oars gjin oplossing seach as de saak mei geweld op te lossen.
Yn de Volkskrant stie in kollum dêr’t yn steld waard dat it reedriden nei de sjitpartij syn ûnskuld ferlern hat. Want wa hie ea tinke kinnen dat der by de nasjonale polonêze yn it nije reedrydsintrum fan de wrâld soks barre koe. Unox woarst en sprútsjes, dat assosjearje wy mei reedriden. Gjin geweld mei fjoerwapens. De iennichste dy’t sjit is de starter.
Sport kin net sûnder jild. Jild komt net samar nei de sport ta, der moatte minsken wêze dy’t jild ha en wat mei sport dwaan wolle. Yn de kollum yn de Volkskrant stelde de skriuwer in listje gear dêr’t er foarbylden fan jildsjitters yn sport neamde, dêr’t wol wat oer te sizzen wie. Ik sil se hjir net opneame, mar de bottom line is dat der op syn minst sein ek wolris in dubieuze sûkeromke komt dy’t it foaral drok mei himsels hat en de sport brûkt as boartersguod en om syn eigen ego noch wat mear op te poetsen. En datsoarte minsken makket net allinnich freonen, mar ek fijannen, sa die sneon wol bliken op in parkearterrein op It Feen.
No kinne je dêr fan alles fan fine, mar it feit dat soks gewoan barre kin, ek by it reedriden, jout mar wer ris oan dat it foarkommen fan ditsoarte foarfallen hast net te dwaan is, tryst mar wol wier.
En witte jim wat ik noch it slimste fûn? Wat as de skutter no yn it nau dreaun wie, de kontrôle oer de situaasje kwyt rekke en om him hinne begûn wie te sjitten? Want ik wie dêr net allinnich, mar myn frou, myn dochter en in freondintsje fan har rûnen ek oer dat parkearplak yn de rjochting fan de haadyngong, wylst ik mei Roelof de Vries by de parse-yngong stie te praten.
Je sille mei it boadskip nei de âlders fan sa’n freondintsje ta moatte dat der wat hiel slims bard is. Lokkich wie dat net sa, mar it set je wol oan it tinken."