Volkskrant: 'Fertochte sjitpartij Thialf sjantearre Jonker'

Sjitynsidint Thialf © CAMJO media
De man dy't derfan fertocht wurdt dat er foarige wike sneon by Thialf sakeman Bert Jonker besketten hat, hat him yn septimber 2015 besocht te sjantearjen. Dat skriuwt de Volkskrant. Jonker is neffens de krante net op de sjantaazje yngong. De fertochte soe in belêstende ferklearring ôflizze by it Iepenbier Ministearje, as Jonker him net betelje soe, skreau er yn in mail dy't de krante sjoen hat. Dêryn drige er ek opnamen fan fertroulike petearen mei Jonker iepenbier te meitsjen.
Oername
De man gong der neffens de Volkskrant fan út dat Jonker syn bedriuw oernimme soe, dat yn de finansjele swierrichheden siet. Jonker seach dêr fan ôf, neidat er seach dat it bedriuw in skuld fan 144.000 euro hie. It bedriuw fan de fertochte gong fallyt, en ien wike letter soe Jonker de húsboel oernommen ha. De man sels gie nei Brazilië, skriuwt de krante, en bestookte Jonker fan dêr ôf mei mails en berjochten fia WhatsApp.
Syktocht
De plysje is noch hieltyd op syk nei de fertochte, net allinne yn Nederlân mar ek yn it bûtenlân. Hy skeat foarige wike saterdei op Jonker dy't as reedrydsponsor by it EK allround op Thialf wie. Jonker siet doe yn syn auto, hy rekke ferwûne oan de hân.