Sjauffeurs dokterswacht poerrazend oer oername

© ANP
De sjauffeurs fan de dokterswacht binne poer tsjin de nije arbeidsbetingsten fan ambulânse-organisaasje Wite Krús. Dy organisaasje nimt fan maart ôf it Fryske húsdoktersferfier oer fan ferfierbedriuw Kijlstra. Sjauffeurs moatte no op 'e nij sollisitearje foar de eigen baan. Guon binne sels ôfwiisd omdat se net geskikt wêze soene, wylst se al jierren sûnder klachten foar Kijlstra ride, seit Gerhard Witteveen fan fakbûn FNV. Tiisdei biede se in petysje oan, dêr't se de dokterswacht yn freegje nochris goed nei de arbeidsbetingsten te sjen.
Jierkontrakt
Sjauffeurs dy't no in fêst kontrakt ha, krije tenei in jierkontrakt. Nei dat jier binne se har baan dus net wis. Boppedat, seit Witteveen, mei net ien mear mear as 130 oeren yn de moanne meitsje, krije sjauffeurs gjin reiskostefergoeding mear, en meie se der ek gjin oar wurk mear neist dwaan. Yn totaal ride der goed tritich sjauffeurs foar de Fryske dokterswacht.
Wite Krús
De dokterswacht hat foar it Wite Krús keazen, omdat dy partij by in oanbestegingsproseduere as bêste út de bus kaam. It Wite Krús is yn meardere regio's fan Nederlân aktyf, en hat foar de kommende seis jier in kontrakt mei de dokterswacht Fryslân.
De dokterswacht seit yn in reaksje dat se wol de opdrachtjouwer binne fan it ferfier, mar net de wurkjouwer fan de sjauffeurs. In wurdfierder ferwiist nei it Wite Krús. De dokterswacht wachtet de petysje fan tiisdei ôf foardat se fierder reagearre wolle.