Stoarmwaar yn Fryslân, diken wurde bewekke

Fryslân makket him op foar in rûzige jûn wat it waar oanbelanget. Ferskate ynstânsjes lykas it Wetterskip hawwe maatregels nommen tsjin it hege wetter yn it Waadgebiet en de ferwachte stoarm. Sa wurdt de dyk tusken Holwert en Lauwerseach freedtejûn en freedtenacht bewekke.
Springtij en stoarm
It KNMI ferwachtet in flinke stoarm, dy't ek nochris mei springtij gearfalt, en hat dêrom koade giel ôfjûn. Ek op ferskate plakken wurdt rekken hâlden mei de hege wetterstannen. Sa is de pier by Holwert freedtejûn en freedtenacht ôfsletten.
Piet warskôget
Waarman Piet Paulusma warskôget ek foar it rûge waar. ''Letter fan 'e middei en op 'e jûn yn it kust- en Waadgebiet is der flinke stoarm, wynkrêft njoggen. By buien kin der bytiden matich sicht wêze en moatte automobilisten rekken hâlde mei glêdens.''