Hylper krijt trije wiken sel foar besit fan pistoal

© ANP
In man út Hylpen hat trije wiken sel krigen omdat er in pistoal yn syn besit hie, sûnder fergunning. Dat er it wapen hie, kaam oan it ljocht doe't de plysje mei in oar ûndersyk dwaande wie. Se seagen doe op de telefoan fan de fertochte in foto dêr't er mei it pistoal op stie.
De man waard fêstset. De Hylper seit dat er neat ferkeards fan plan wie mei it wapen. Omdat er syn straf yn foararrest al útsitten hat, hoegde de man nei de rjochtsaak freed de sel net wer yn.