Flylân riedt him ta op heechwetter

By Rederij Doeksen op Flylân wurdt hurd wurke om alles klear te hawwen foar it hege wetter fan freedtejûn. Der binne ekstra skotten delset om it wetter tsjin te hâlden. De ferwachting is dat it havenplein op Flylân ûnder wetter komt te stean.
Neffens meiwurker Marco Kleefstra bliuwt it altyd in spannend momint en wol Doeksen der wis fan wêze dat de saken goed rinne sille. Ek by in tal bedriuwen binne skotten delset om drûge fuotten te hâlden.
Yn de Doarpsstrjitte is de kûpuere ticht. Dit is in troch minsken oanbrochte trochgang yn de wetterkearing. De ferwachting is dat it wetter 2,20 meter boppe NAP komme sil.