''Undernimmers út Súdwest-Fryslân bestellen troch fûns''
Undernimmers út de doarpen yn de gemeente Súdwest-Fryslân wurde bestellen troch it ûndernimmersfûns dêr. Dat fynt Jappie Zeinstra fan Blauhús. Hy hat sels in hannelsûndernimming. Yn de gemeente moatte alle ûndernimmers meibetelje oan it fûns. Dat giet al gau om hûnderten euro's. Om't benammen winkellju yn de stêd en de gruttere plakken der wat oan hawwe yn de foarm fan feestferljochting of oare aktiviteiten, kin de rest it jild weromfoarderje.
Neffens Zeinstra bart dat kwealik, om't de measten eins net troch hawwe dat se derfoar betelje. Wethâlder Maarten Offinga fan de gemeente Súdwest-Fryslân bestriidt dat. Neffens him docht it fûns mear as genôch om elkenien op de hichte te stellen fan it feit dat se jild weromkrije kinne. Hy fynt de krityk fan Zeinstra dan ek net terjochte. Sa wurdt by de kommende belestingoanslach nochris dúdlik makke dat bedriuwen út de doarpen it betelle jild weromfreegje kinne.