Provinsje stjoert brânbrief oer fiskerij yn De Iselmar

Fiskers op 'e Iselmar
De provinsje Fryslân stjoert in brânbrief oan steatssekretaris Van Dam oer de fiskerij yn De Iselmar. De fergunningen foar de fiskers rinne op 1 july ôf, mar de provinsje kin op it stuit gjin nije fergunningen ôfjaan. Dêrtroch stiet de takomst fan de fiskers op it spul. De problemen wurde feroarsake troch de minne fiskstân yn De Iselmar. Der wurdt op it stuit tefolle fisk út de mar helle. Dit soarget foar problemen by it ôfjaan fan in nije fergunning.
Deputearre Johannes Kramer wol dat Van Dam mei in oplossing komt. Sels stelt Kramer foar om it tastiene oantal netten struktureel werom te bringen en de fiskers in finansjele kompensaasje te jaan. De brief is mei ûndertekene troch de provinsjes Noard-Hollân en Flevolân, de organisaasje fan beropsfiskers, Sportvisserij Nederland, Vogelbescherming Nederland en Samenwerkingsverband Blauwe Hart.