FIDEO: Alde hynst striidt mei op 'e hynstekeuring

De dekhynst Jasper 366 is de âldste hynst dy't sneon wer meistride sil op de Fryske hynstekeuring yn it WTC yn Ljouwert. Jasper 366 is in wiere grutheid yn de Fryske hynstewrâld. Mar foar fokker en eigener Teake Wijma en syn dochter Baukje is it ek gewoan Jasper dy't by harren húshâlding heart. Se hoopje dat it publyk ek dit jier wer op 'e banken stiet as Jasper sneon op it toaniel ferskynt.