Caparis giet fierder mei ien direkteur

It filiaal fan Caparis yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Sosjale wurkfoarsjenning Caparis krijt in ienmansdireksje. De ried fan kommissarissen wol net fierder mei direkteur Ben Gerrits as bestjoerder. Gerrits hat in skoft thússitten nei in grut tal problemen yn de organisaasje. Hy is yntusken wol wer oan it wurk. Hy sil projekten by it bedriuw útfiere.
Ynterim direkteur Peter Linckaen Arriëns sil foarearst de funksje fan direkteur ynfolje, oant yn de fakatuere foarsjoen is.
Foarskiednis
Caparis hat ferline jier in soad bestjoerlike problemen hân. Der soe sprake wêze fan eangstkultuer en de ried fan kommissarissen hat lang net folslein west. Yn de simmer fan ferline jier is de ried fan kommissarissen opstapt. Nei de simmer is in nije rfk oansteld dy't de werstrukturearring fan de sosjale wurkfoarsjenning begeliede moat.
Grienfoarsjenning
De acht gemeenten dy't meidogge oan Caparis binne it net iens oer de takomst. Fjouwer gemeenten (Ljouwert, Achtkarspelen, Eaststellingwerf en Weststellingwerf) hawwe besletten de grienfoarsjenning sels te dwaan. Dat soe op 1 jannewaris 2017 yngean, mar is útsteld oant 1 april.