Van der Zwan nimt it op foar Bert Jonker yn nijjiersspeech

11 jan 2017 - 22:42

"Ik merk dat in de verhalen de focus steeds meer verschuift van de gebeurtenis naar het slachtoffer." Boargemaster Tjeerd van der Zwan begûn syn nijjierstaspraak mei stipe foar sakeman Bert Jonker. Neffens de boargemaster fine guon dat de wize werop't Jonker saken docht in direkte link hat mei de sjitpartij, en dat ergeret him. "Natuurlijk, hij spreekt klare taal en is een scherp ondernemer, maar geen enkel zakelijk conflict rechtvaardigt het gebruik van een vuurwapen."

Goed ekonomysk klimaat

Fierder hie Van der Zwan benammen omtinken foar fleurigere saken. Neffens him stiet de gemeente der ekonomysk hiel goed foar. "Het bedrijfsleven in Heerenveen is met een banengroei van een kleine veertig procent in de afgelopen 16 jaar de echte banenmotor van Friesland. Dat levert welvaart op in de hele provincie." As it oan Van der Zwan leit binne se noch net útgroeid. Dêrom ropt hy de provinsje op om tastimming te jaan foar de bou fan mear bedriuweterreinen oan de A7.

Populisme

Utdagingen binne der ek. Sa moat der yn it sintrum mear barre. "Met elkaar moeten we de vraag beantwoorden hoe het centrum van Heerenveen tegemoet kan komen aan de eisen van de nieuwe tijd", seit de boargemaster.

Van der Zwan beslút syn ferhaal mei in oprop tsjin populisme. Dy hoop krijt er fan it grutte tal positive reaksjes dy't de gemeente krige doe't in Syrysk gesin in thús fûn yn Aldeboarn. "Bij alle berichten over de komst van een tijdperk van populisme, waarin feiten er niet meer toe doen, waar volume de kracht van argumenten overstemt, zijn er ook heel veel van dit soort boodschappen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)