"Komst Ødegaard nei Hearrenfean is goed foar ûntwikkeling"

SC Hearrenfean-spiler Morten Thorsby is bliid dat syn lângenoat Martin Ødegaard keazen hat foar SC Hearrenfean. Ødegaard is noch mar krekt 18 jier, mar jildt as in grut talint. Hy wurdt hierd fan Real Madrid. Thorsby en Ødegaard binne freonen. Se kinne mekoar goed, ûnder oare fan de ynterlâns foar Noarwegen ûnder 21. Thorsby tinkt dat it goed is foar de ûntwikkeling dat syn freon no by Hearrenfean spilet.
"Hij is een jonge, technische speler. Hij is erg goed, maar moet wel de tijd krijgen om zich te ontwikkelen. Een grote kwaliteit is wel dat het een rustige, slimme jongen is. Hij beseft zich wel dat hij nog veel moet leren", seit Thorsby oer syn jonge lângenoat.