Grutte fûgeltelaksje fan de Waadsee oant Súd-Afrika

11 jan 2017 - 22:24
  • Strânljip yn de Waadsee

Goed 1.500 fûgelleafhawwers telle fan dit wykein ôf fûgels yn tritich lannen. It giet om it gebiet fan de Waadsee oant Súd-Afrika, de hiele East-Atlantyske fûgelrûte. It is de twadde kear dat der op dizze grutte skaal teld wurdt hoe't it mei de fûgels giet. Yn 2014 organisearre it gearwurkingsferbân 'Programma naar een Rijke Waddenzee' de telling foar it earst. Doe waarden hast 15 miljoen fûgels teld.

Net goed

Dêrby wie doe de konklúzje dat it mei de briedfûgels yn it Waadgebiet net goed gie. "Hoewel we toen alleen geteld hebben, weten we wel dat dit onder meer te maken heeft met het voedselaanbod, overstromingen van kwelders en predatie", fertelt strategymanager Manon Tentij. Se tinkt net dat de resultaten dit kear hiel oars binne. "Daar is twee jaar waarschijnlijk een te korte periode voor."

Turvje

It telgebiet is sa grut, om't de fûgels yn dit hiele gebiet oerwinterje. Tentij: "Neem bijvoorbeeld de kanoetsteltloper. Eén ondersoort overwintert in het Waddengebied, maar een andere ondersoort zit in de winter in Afrika.

Dêr hawwe de inisjatyfnimmers echt minsken opliede moatten. "Daar zijn we al sinds 2011 mee bezig. En het gaat heel basic, met boekje en potlood. En dat turven." Foardat al dy gegevens in de kompjûter steane, binne we gau in skoft fierder. "We hopen in juli de eerste grove resultaten te hebben. En dan volgend jaar een uitgebreid rapport."

De bedoeling is dat de tellingen tenei om de fjouwer oant seis jier plakfine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)