Feilichheidsakademy Ljouwert moat yn oktober iepenje

Ympresje fan de Feilichheidsakademy yn Ljouwert
ROC Friese Poort hopet yn oktober syn nije Feilichheidsakademy yn gebrûk te nimmen. It nagelnije gebou komt op de hoeke fan de Egelantierstrjitte mei de Schieringerwei yn Ljouwert te stean. Alle studinten foar in unifoarmberop - definsje, hanhavening en befeiliging - krije hjir in plak. Dat binne der sa'n 800. De bou set yn febrewaris útein. De gemeente Ljouwert hat dêrfoar 11.000 kante meter grûn oan de Friese Poort ferkocht.
Op dat plak sit no noch in buert- en pluktún. Dy krijt in oar plak, oan de râne fan it skoalterrein. De Friese Poort leit de tún opnij oan.
Sirkulêr
It gebou fan de Feilichheidsakademy wurdt sirkulêr en krijt ek in paspoart. Dit hâldt yn dat fan alle materialen dy't yn it gebou brûkt wurde, eksakt fêstlein wurdt wêr't it wei komt. Ek wurdt beskreaun hoe't de materialen, as de akademy ea wer ôfbrutsen wurdt, werbrûkt wurde kinne. It wurdt ek hielendal enerzjyneutraal.
Unifoarmberoppen
De akademy bondelet alle unifoarmberoppen ûnder oaren om't it tal studinten dêrfoar bot tanaam is de ôfrûne jierren. Dêrneist sitte de studinten no op ferskate lokaasjes yn de stêd, wat net handich is. "Der leit by dizze opliedingen in protte neidruk op sportaktiviteiten. Dêrfoar moatte we no lokaasjes hiere. Daliks sit alles yn ús eigen gebou", fertelt Haad Fasilitêre Saken Jaap van Bruggen fan De Friese Poort.
De Feilichheidsakademy krijt ûnder oaren in eigen sportseal, fitnessromte en dojo, mar ek in oefenterrein bûten. De bedoeling is dat de studinten it gebou yn oktober yn gebrûk nimme kinne.