Aris ferliest earste bekerwedstriid fan Apollo Amsterdam

© Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
De basketballers fan Aris ha woandeitejûn de earste kwartfinalewedstriid om de beker ferlern fan Apollo Amsterdam. Yn it Kealledykje yn Ljouwert waard it 89-87 foar Apollo. Aris begûn net goed oan de wedstriid. Nei it earste kwart stiene de Ljouwerters efter mei 22-18. Yn it twadde kwart kaam Aris lykwols werom oant 48-48.
Beide ploegen begûnen fûl oan de twadde helte, mar it wie Aris dat in foarsprong opboude, wêrtoch't it tredde kwart ôfsletten waard mei 74-71. Aris joech de winst yn it fjirde kwart út hannen: 87-89.
It is noch net bekend wannear't de twadde kwartfinalewedstriid tusken Aris en Apollo spile wurdt. Aris moat dan mei trije punten winne.
Ofrûne wykein wûn Aris noch mei 94-85 fan Apollo yn Amsterdam foar de kompetysje.