Santjin ferkearsboetes útdield by grutte kontrôle Ljouwert

© ANP
By in ferkearskontrôle op ferskate plakken yn Ljouwert hat de plysje woansdei santjin boetes útdield. Motorplysjes stienen yn de omjouwing fan de Slauerhoffwei en it Europaplein, de Snekertrekwei en de Marshallwei en by it Aldehoustertsjerkhôf.
Automobilisten krigen ûnder oaren boetes foar it net om hawwen fan in autogurdle, it net toane kinnen fan in rydbewiis, te hurd riden of it net hawwen fan in kenteken op de oanhingwein.