Martin Ødegaard krijt fyts oanbean

11 jan 2017 - 18:36

Martin Ødegaard hat fan 'e middei fergees in fyts krigen. Ødegaard is noch mar krekt 18 jier en hat dus noch gjin rydbewiis. De spiler dy't krekt hierd is fan Real Madrid hat de fyts krigen fan Batavus. Dêrmei spilet de fytsfabrikant goed yn op de bekendheid fan de Noar. Ødegaard hat 2,1 miljoen folgers op Instagram en 274.000 op Twitter.

Morten Thorsby, freon en lângenoat fan Ødegaard, ferraste him tidens in ynterview mei de Noarske telefyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)