Djoerste bierke by Sportklup Hearrenfean

11 jan 2017 - 17:40
  • bier

De bierkes by Sportklup Hearrenfean binne de djoerste bierkes fan de earedifyzje. Dat docht bliken út ûndersyk fan Kortingscode.nl. Fuotballeafhawwers yn it Abe Lenstra Stadion betelje gemiddeld 11 euro de liter.

Dit is in stik mear as by Go Ahead Eagles, want yn harren stadion yn Deventer kostet in liter bier 8 euro en is dêrmei it goedkeapst fan alle earedifyzjeklups.

Der is ûndersyk dien nei de kosten fan de ferskate formaten bier yn elts stadion en dêr is de gemiddelde priis per liter oer berekkene. As dy priis trochberekkene wurdt oer in hiel seizoen (17 thúswedstriden), dan binne je by Go Ahead Eagles 50 euro goedkeaper út as by Hearrenfean as je in liter bier per wedstriid drinke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)