Feardaam Holwert ticht fanwege heech wetter en hurde wyn

Yn Holwert wurdt woansdeitejûn tusken 20.00 en 23.00 oere de feardaam ôfsletten yn ferbân mei it hege wetter. Der stiet in hurde oant stoarmachtige wyn út it westen wei. Ek tongersdeitermoan wurdt de feardaam op 'e nij ôfsletten fan 7.30 oant 10.30 oere. Yn de fearhaven fan Holwert wurde technysk adviseurs ynset om ekstra tafersjoch te hâlden. It ôfsluten fan de feardaam hat konsekwinsjes foar de feartsjinst nei It Amelân ta.
Oanpaste tsjinstregeling op tongersdeitemoarn 12 jannewaris:
Amelân - Holwert: 05.00 oere
Holwert - Amelân: 06.00 oere
Amelân - Holwert: 06.45 oere
De folgjende ôffearten ferfalle:
Holwert - Amelân: 07.30 oere
Amelân - Holwert: 08.30 oere
Troch de hurde wyn kinne mooglik ek in pear brêgen yn it PM-kanaal net betsjinne wurde. Dat wurdt foar elke brêge fierder besjoen.