Studinten op syk nei ferhalen achter de krimp

Fryslân is ien fan de provinsjes dy’t der in soad mei te krijen hat: minsken ferlitte it plattelân en lûke nei de grutte stêd. Dochs binne der genôch minsken dy’t bewust op it plattelân wenjen bliuwe. Mar wêrom eins? Om dat út te finen makken acht studinten fan de NHL Hegeskoalle yn Ljouwert it programma ‘Ik bliuw’. Wy lizze programmamakkers Femke van der Bij en Hilda van der Heide fiif fragen foar.
Wat wie jimme motivaasje om in programma oer krimp te meitsjen?
“Krimp is werkenber foar elkenien. Hokker leeftiid of wenplak dan ek, it is in probleem dat kontinu oan it groeien is.” Krimp wurdt eins altyd op in negative wize beljochte lit Hilda witte, en dat wolle sy graach oars dwaan mei dit programma. “Troch dit programma is it ús slagge om it ûnderwerp ris op in positive wize te beljochtsjen. It is fan belang om sjen te litten dat just de leechrinnende plakken yn Fryslân ek genôch te bieden hawwe.”
Hoe fielt dat no dat jimme programma ek echt útstjoerd wurdt op telefyzje?
Hilda: “Ik fyn it sa tof, dit is wat ik altyd al graach woe.” De groep is dan ek hiel grutsk op it einresultaat, sa fertelt Femke. “Dit is fansels in grutte beleanning foar al it wurk dat wy der mei-inoar fan hân hawwe. Om nei in healjier hurd wurkjen alles útwurke op telefyzje te sjen makket my hiel grutsk op ús as groep.”
Wat wie de grutste ferrassing oer it ûnderwerp by it meitsjen fan it programma?
Beide froulju binne ferwûndere oer de omfang fan de krimp yn Fryslân. “Fansels wist ik dat krimp in probleem is mar dat der safolle regio’s mei te krijen hawwe dêr ferwûndere ik my wol oer. Dat der safolle skoallen en bedriuwen slute moatte om’t minsken fuortgeane is dochs wol in grutter probleem as tocht”, sa seit Femke.
En foar jimme persoanlik: stêd of plattelân en wêrom?
Femke: “Op it stuit wenje ik yn Grins dus ik haw in lytse foarkar foar de stêd. Simpelwei om’t ik dan oeral binnen in pear minuten bin. Wol gean ik noch faak nei myn âlders dy’t wol yn in lyts doarpke wenje en dêr kin ik wol genietsje fan de romte en rêst.” Sawol de stêd as it plattelân hat wol wat fynt Hilda, mar dochs kiest ek sy foar de stêd. “Ik haw yn beide gebieten wenne en gean dochs foar de stêd, mar dat komt miskien ek om’t dat mear past by wat ik no daagliks doch en alles moai tichteby is.”
Hawwe jimme nei it meitsjen fan dit programma in oar idee oer krimp?
“Wy binne de ôfrûne tiid yn kontakt kaam mei safolle bysûndere minsken en projekten, it wie hiel ynteressant om te sjen dat dizze hobbys en banen meastentiids in link mei de regio hawwe. Fierder binne der gelokkich in protte minsken dy’t harren ynsette foar eigen doarp.” Krimpgebieten binne ûnderwurdearre en minsken ferjitte gau de moaie kanten, is de ûnderfining fan Hilda. “Krimpgebieten wurde meastentiids negatyf beljochte. Mar just dizze gebieten binne ryk oan oare saken lykas in eigen taal, mienskip of de natuer.”
‘Ik bliuw’ wurdt alle tongersdeis fan 18.45 oere ôf alle oeren útstjoerd by Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer de útstjoeringen is hjir te finen.