Drokte by jubileumfytstocht

28 maaie 2012 - 10:33

De hûndertste fytsalvestêdetocht is pinksetermoandei ûnder prachtige waarsomstannichheden ferriden. De fytsers neamden de tocht ien fan de makliksten fan de ôfrûne jierren. De earste dielnimmers wiene om kertier foar twaën wer werom yn Boalsert.

It wie moarns tusken fiif en acht oer drokker by de start as ferline jier. Troch it moaie waar binne hast alle minsken dy't in startkaart foar dizze edysje hiene, 14.300 minsken, ek oan de tocht begûn. Ferline jier wiene dat fanwege rein en hurde mear as tûzen minder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)