"Mediation yn strafrjocht is goed foar beide partijen"

11 jan 2017 - 16:52
  • Peter Ooms

Slachtoffers fan in misdriuw dy't yn petear geane mei de dieder kin foar beide partijen goed útwurkje. Minister Ad van der Steur fan Feilichheid en Justysje woe ôf fan dizze mediation. Dêrmei woe er 1,5 miljoen euro besunigje. Mar de Twadde Keamer hat dat keard en dus komt ek yn it Noarden jild foar bemiddeling yn it strafrjocht.

Saak Ooms

In foarbyld fan hoe't mediation helpe kin foar de slachtoffers is de saak Ooms. Yn oktober 2006 waard de 51-jierrige Marinus Ooms fan Haulerwyk dea fûn yn syn wenning. Hy wie mei in mes om it libben brocht. Trije jonge mannen waarden feroardiele, de haadfertochte krige 18 jier sel. Broer Peter en suster Wilke sochten yn 2012 út eigen beweging twa fan de trije dieders op yn de sel. De moeting tusken dieders en slachtoffers gong net om it ferline, mar hoe't elkenien syn takomst sjocht en hoe 't je fierder moatte.

Verbroedering

"Het was confronterend en met veel emoties. We wilden weten wat ze met hun leven gingen doen. Je gaat anders kijken naar de daders, ze zijn ook slachtoffers van hun jeugd"  fertelt Peter Ooms. Hy is no 56 jier en wennet yn Nijverdal. Syn libben is bot feroare troch it petear mei de dieders. Maklik wie it net om de mannen, dy't syn broer om it libben brocht ha, yn de eagen te sjen. Mar it hat goed west. "Als je kunt vergeven, kun je verder met je leven. Ik sta nu anders in het leven en wil niet teveel achterom kijken, het was een wijze les. Mijn boodschap is, als het in je vermogen ligt om met de dader te praten, doe dat dan. Het gaat je zoveel meer brengen. Uiteindelijk overwint verbroedering." 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)