Fallyt Abis Shipping hat measte skippen ferkocht

11 jan 2017 - 16:34

De measte skippen fan de fallite rederij Abis Shipping út Harns binne yntusken ferkocht oan trije oare rederijen. De keapers sitte yn Delfsyl en yn Grins, mar ek yn it bûtenlân, yn Noarwegen. Fan de njoggentjin skippen fan Abis Shipping binne der no noch trije oer.

Earder waard al in flink diel fan de float ferkocht. In diel fan it personiel is ek mei gien nei de nije eigeners.

Abis Shipping yn Harns gong ein ferline jier fallyt. Abis kaam yn de problemen troch de krisis yn de offshore. Troch de lege oaljepriis hawwe de grutte maatskippijen tsientallen miljarden oan ynvestearringen skrast.

Trefwurden: 
Abis Shipping fallisemint
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)