MCL mjit mei nij apparaat kontinu it hert fan de pasjint

11 jan 2017 - 15:50

Alle operaasjekeamers fan it sikehûs MCL yn Ljouwert ha sûnt koart in nij apparaat om kontinu te mjitten hoe't it giet mei it hert fan de pasjint. Neffens it MCL is dat bysûnder, want noch gjin oar sikehûs op de wrâld hat dat apparaat op sa'n grutte skaal ynfierd. It apparaat mjit net allinnich de bloeddruk, mar bygelyks ek de bloedstream. Dêrmei hat it operaasjeteam mear ynformaasje oer de pasjint as by de gebrûklike hertbewakingstechniken. It MCL hopet dat it oantal komplikaasjes nei operaasjes no lytser wurdt. Dat soe 20 persint skele kinne.

Omdat de apparatuer yn alle operaasjekeamers hinget, hoecht in pasjint minder faak ferpleatst te wurden. Ein dizze moanne hâldt it MCL in sympoasium, foar meiwurkers fan oare sikehuzen, om har te ynformearjen oer de foardielen fan de nije technyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)