FIDEO: Besjoch it Woudagemaal firtueel

It Woudagemaal op 'e Lemmer is tenei firtueel te besjen. Mei in smartphone of tablet kinne belangstellenden yn 360 graden om har sjen yn en rûnom it gemaal. De app wurdt benammen brûkt foar edukaasje.
Doel is om jongeren op in linige wize saken by te bringen oer technyk en wettermanagement. Te sjen is hoe't de technyk fan it gemaal wurket lykas it oanstekken fan de stoomtsjettels, it op stoom bringen en it draaien fan de stoommasines. Minister Bussemaker hat de app yn gebrûk nommen.