Eksperimint mei noardlik kultuerbelied set útein

11 jan 2017 - 15:29

Nije ôfspraken tusken de noardlike provinsjes, it ryk en de gruttere stêden moatte der foar soargje dat kulturele foarsjenningen hjir net allinnich behâlden bliuwe. Sy moatte ek groeie. Ien en oar is regele yn in konvenant dat woansdei yn it Fries Museum troch sân partijen ûndertekene is. It ryk jout dêrby in part fan it foech oer oan it Noarden.

Soks past prima by de wize wêrop't it ryk aanst de rykssubsydzjes ferdiele wol yn Nederlân. De noardlike oanpak soe dêrby in foarbyld wêze kinne foar de rest fan ús lân.

'We the North'

Wichtich ûnderdiel is it kultuerprogramma 'We the North'. Dêryn wurdt sterk ynsetten op mear gearwurking, it lûken fan in breder publyk en ûntwikkeling fan talinten. De provinsjes en de stêden Grins, Ljouwert, Emmen en Assen ha hjirfoar 2,4 miljoen euro útlutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)