Megajacht Ebony Shine leit oan ketting yn Harns

11 jan 2017 - 14:51

It megajacht Ebony Shine fan de presidintssoan fan Ekwatoriaal-Guinee leit no oan it ketting yn Harns. It skip, dêr't in soad om te dwaan wie, is dêr freed oankaam. It jacht is op fersyk fan de Switserke autoriteiten oan it ketting lein. It hat earst yn Makkum lein foar renovaasje, mar is letter nei Den Helder brocht. Dêr foldie it lisplak net en dêrom is socht nei in oar plak. Dat is no fûn by Icon Yachts, dêr't in lisplak hierd is troch de Nederlânske oerheid.

De soan fan de presidint wurdt fertocht fan it wytwaskjen fan swart jild en fan wanbehear. Net allinnich syn djoere jacht is yn beslach naam. Op it fleanfjild fan Genève soene ek alve djoere auto's yn de stalling stean. Ekwatoriaal-Guinee leit oan de westkust fan Afrika. Der wenje sa'n 750.000 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)