Soargen oer kapbelied yn Dokkum

Dokkumers meitsje harren bot soargen oer it kapbelied fan de gemeente Dongeradiel. De ôfrûne jierren binne yn it Tolhúspark yn de stêd tsientallen beammen kapt. Net altyd om't se siik binne en fuorthelle wurde moasten, mar ek om't se foar oerlêst soargje.
Ek oan de oare kant fan de stêd, oan de Hantumerwei, wurde beammen fuorthelle. En dat ropt fragen op by de Dokummers. Foarsitter Henk Brouwer fan wykrie Jantje Zeepolder hat it idee dat de beammen willekeurich kapt wurde.
Henk Brouwer: "Guon beammen binne siik en dy bliuwe stean en oare sûne beammen wurde kapt, om't se foar oerlêst soargje. Yn myn optyk hie dit allegearre net hoegd as de gemeente it grienbelied better útfiert. Boppedat fernuveret it ús dat wy as buertbewenners oan it Tolhúspark nea op de hichte steld binne fan de kap."
Neffens wethâlder Pytsje de Graaf hat de gemeente Dongeradiel wol deeglik in kapbelied. "Ik jou ta dat ús kommunikaasje nei de minsken better kind hie. It is net sa dat wy lukraak beammen kappe. Wat der efter stekt is dat de gemeente besunige hat op it periodyk grienûnderhâld. De gemeenteried hat dêr ek mei ynstimd. Mar as minsken fine dat it belied oars moat dan moat de gemeentepolityk him oppenearje. Faaks kinne we dan in nije koers bepale."