It lobbyen nei Tesla liket suksesfol

11 jan 2017 - 13:33

De offisjele wrâldwide kampanje dy't autofabrikant Tesla nei Noard-Nederlân helje moat, is no al suksesfol. Dat seit deputearre Sander de Rouwe. Tesla wol in nije fabryk bouwe yn Europa en der binne sa'n 300 gadingmakkers dy't dat fabryk graach ha wolle. De konkurrinsje is grut en dêrom wurdt der alles oan dien om it Noarden oan te priizgjen. Fia de webside Topdutch.com besykje de trije noardlike provinsjes reklame te meitsjen en neffens Sander de Rouwe rint dat no al goed.

"It wurket geweldich"

"We sjogge dat we mei ús assertive en tûke kampanje yn byld binne by Tesla, seit deputearre Sander de Rouwe. "Online is te sjen dat by Silicon Valley yn San Francisco no al socht wurdt op Fryslân, Grinslân en Drinte. Dus ús tweets en posts komme oan, it wurket geweldich. It boadskip komt oan. We hawwe Tesla echt wat te bieden: goede ynfrastruktuer, wurknimmers, romte en duorsume enerzjy. As it slagget om it fabryk binnen te heljen, smyt dat tûzenen banen op. Dat hat echt in grutte ympakt."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)