Smellingerlân teloarsteld dat neat oan farwei dien wurdt

11 jan 2017 - 12:40

De gemeente Smellingerlân is bot teloarsteld oer it beslút fan de provinsje om de farwei nei Drachten net te ferbetterjen. De provinsje stekt wol jild yn it útbaggerjen en ferbreedzjen fan it Van Harinxmakanaal nei Ljouwert en de farwei rjochting It Hearrenfean. Dat soene neffens de provinsje de meast rendabele opsjes wêze. Ferbetterjen fan de farwei nei Drachten soe te djoer útpakke.

Smellingerlân trunet al 30 jier oan op ferbetterjen fan de farwei. Neffens wethâlder Van der Leck sil it no in protte wurkplakken kostje.

Aderlating

"We zijn zeker teleurgesteld" seit wethâlder Van der Leck. "De vaarweg is van wezenlijk belang voor Drachten en de werkgelegenheid. Er zijn twaalf watergebonden bedrijven actief met tweeduizend arbeidsplaatsen. Klasse 4G schepen worden niet meer gebouwd en nieuwe, grotere, schepen zullen de haven niet meer kunnen bereiken en dan staan de duizenden banen op de tocht. Dat is een enorme aderlating." Boppedat hat de wethâlder noed oer de duorsumheid. It guod dat net mear oer wetter oanfierd wurde kin, soe mei frachtweinen komme, sa'n 250 deis. Op 29 maart prate Provinsjale Steaten der noch oer.

Ramp

It is in ramp foar de bedriuwen yn Drachten, as de provinsje definityf beslút om de farwei nei Drachten net te ferbetterjen. Dat seit ûndernimmer Klaas van der Wiel. Syn transportbedriuw is ien fan de tolve bedriuwen dy't ôfhinklik is fan ferfier oer it wetter.

Trefwurden: 
Smellingerlân farwei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)